Pûlen-yn-de-pot by Sjieuwe Borger

Pûlen-yn-de-pot

bySjieuwe Borger

Kobo ebook | December 20, 2018

Pricing and Purchase Info

$8.49 online 
$9.73 list price save 12%

Prices and offers may vary in store

Available for download

Not available in stores

about

Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe't Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet de skurvens no oer him komme. Der siet eat ferskriklik mis. Hy hie syn eigen yndividualiteit oerjûn en him oerlevere oan de machten fan de groep. It wie net te miskennen dat Anjelique der prachtich útseach, syn jierklubmaten soene him dêr ek op wurdearje. Mar dy wurdearring woe er net. De twifel begûn stadichoan op te lossen. Dates binne maklik te skoaren yn it studintelibben, mar froulju binne komplisearre. Se sizze net altyd wat se tinke en ferwachtsje fan alles fan Sybren mar se sizze net dúdlik wat. Hy siket in balâns tusken frijheid en ferbining en stelt himsels dêrby essinsjele fragen oer doel en wearde fan syn libben. De fyfte roman fan Sjieuwe Borger lit de ûntjouwing fan Sybren sjen tsjin de eftergrûn fan it studintebestean yn de stêd en op it plattelân.

Title:Pûlen-yn-de-potFormat:Kobo ebookPublished:December 20, 2018Publisher:Elikser B.V. Uitgeverij

The following ISBNs are associated with this title:

ISBN - 10:946365111X

ISBN - 13:9789463651110

Reviews